SDS-League: It komt goed mei de skiep!

Weppers tongersdei 21-4
20 april 2016
Seleksjes sneon 23-4
21 april 2016

Wy hawwe in nije koprinner!
Jurjen Eringa giet mei “Komt it goed mei de skiep?” samar efkes fan plak 8 nei nûmer 1 en giet sa û.o. “Geniet van het bier, Eeltje Postma” en De Coolsingel nog in zicht” samar efkes foarby.

Dizze wike “Komt it goed mei de skiep”!
Soe it mei de froast nije wike minder gean?


Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) hawwe noch 2 wiken om boppe-oan te kommen. Sy bliuwe dizze wike stean op it 4e en 5e plak, mar steane no noch mar 3 (!!) punten fan de koprinner.


Anne en Dooitze bliuwe by harren taktyk. Goed smare!

De wykpriiswinner is dizze wike âld-SDS’er Sytze Kooistra út Beringe. Hy pakte mar leafst 50 punten. Wy kinne dizze wike miskien noch wol mear ferwachtsje fan “Letter miskien mear (punten)”.

Halbe Willem Overal hat mei “LVG-Boppe” aardich de smaak te pakken. Spitich genôch levert dit noch gjin wykpriis op. Hy komt krekt ien punt te koart…..

“FC Tattoo” presteart aardich konstant. Foar de tredde wike efterinoar pakke Boudewijn en Almar Kramer 40 punten. Heger as it 59e plak levert dit allinnich net op.

“FC Winnaars” (Tom Wijnia) hat noch altiten de reade lantearn, mar “GVR” (Feiko Broersma) komt knap in puntsje tichterby… 

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 8.