Weppers tongersdei 21-4

Kontrakt keunstgersfjild wurdt tekene!
20 april 2016
SDS-League: It komt goed mei de skiep!
21 april 2016

Dropaksje
De dropaksje fan SDS hat dit jier mar leafst €2374,31 opbrocht! Eltsenien tige by tige!


Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat sneon wer wat alderaardichste foto’s makke fan “de takomst fan SDS”. Jim kinne se hjir besjen.

Redmer Stegenga as karateka!
Foto Henk Bootsma

SDS MC1 ferliest krekt
It It wie seker gjin 0-0 wedstriid, mar it leket der oant 5 minuten foar de ein op dat dat it wol wurde soe. Wat hiene beide ploegen in kânsen op in doelpunt. In waard in hearlik gelyk opgeande striid wêrbij de twa doelfrouen hearsten yn it doel. Wat de oanfallers ek besochten de keepsters wiene de baas.
Dat ien fan de kânsen dan toch benut waard wie moai foar Frisia en sneu foar SDS. Komplimenten wiene der foar allegear mar dêr krij je helaas gjin punten foar.

Tzum MD1 – SDS MD 1
De famkes fan SDS MD1 rêden it juster net op tsjin de famkes fan Tzum MD1. Yn Tsjom waard it 5-0 foar de Tsjomsters.

Sealfuotballers winne
De sealfuotballers fan  SDS 1 hawwe tiisdeitejûn wûn fan Woudsend seal 1 mei 6-2 yn Wâldsein.

Kantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine. Gerrit Flisijn stiet efter de bar en hat al wer in alderaardichst muzyklistje makke. Dêrneist traine der hiel wat lju al om 19.00 oere, dus wurdt it fêst al betiid drok.

SDS 1, 2 en A1 traine
SDS 1 en 2 traine jûn om 19.00 oere. A1 om 19.30 oere.


SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 sille jûn ek wer traine. Sy begjinne om 20.15 oere.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside. Al kin it der mei it trochdewykse programma fan dizze wike allegear eins al wer hiel oars foar stean. Dy punten komme der nije wike by.

Trainer Bonne

Tefreden oer de training fan Bonne, sa lieten Jorrit en Sybo fan E3 ús witte….

Filmje
Steven Tuiten docht in oplieding ta filmer en hat dêrfoar earder dit seizoen in wedstryd fan SDS 2 filme. Spitich genôch is dit projekt net hielendal slagge en dat betsjut dat hy noch in kear in wedstryd filmje sil. Dit sil no nije wike barre by SDS A1 – Frisia A2. Hy hopet op in kampioenswedstryd…

Wurk ek lid fan GEKE!
As je no lid wurde fan enersjykoöperaasje GEKE dan stypje net allinnich SDS en de natoer, mar krije je ek noch de hiele moanne april 30% koarting op LED-lampen by de ACR yn Winsum. Sjoch hjir en meld je oan.

Harsens derby (1708)
Toet, toet!!!