SDS League: FC Waaksens pakt de wykpriis!

Weppers freed 23-9
22 september 2011
Seleksjes sneon 24-9
23 september 2011

Tongersdeitejûn leit yn de kantine de nijste stân en freed mear dêroer hjir op de webside.

It is dizze wike Jan Mulder mei syn “FC Waaksens” dy ’t de wykpriis pakt. Hy pakte mar leafst 67 punten en liet hjirmei de konkurrinsje fier efter him.

Jan Mulder út de skroefen mei syn wykpriis.

“FC Rikkert” fan Tsjipke Klaas Okkema stiet no boppe-oan. Ferline wike hie hy noch selskip fan Jelmer Posthumus, mar dy sakket mei syn “Postmeister” yniens nei it 18e plak.

Sjoerd van Beem docht it net gek mei syn “Polk High”. Hy stiet 2e en “mar” 15 punten efter op “FC Rikkert”.

“Tweety” fan Willem Twijnstra siket syn fertroude plakje yn de SDS League al gau wer op. Hy begie foarige wike as 6e, mar sakket yn ien wike nei it 62e plak…………

“Rakker United” fan Bram van Beem en “G-J” fan Gert-Jan Hiemstra drage noch altiten tegeare de reade lantearn. Soenen sy miskien deselde teams hawwe?

Eltse kear is it wer in ferraasing hoefolle as der meidogge oan de SDS League. Dit kear dogge der 78 teams mei oan de SDS League. Foarich jier begienen wy mei 71. 

Sjoch hjir de nijste stân:
wike 2.