SDS-League: ‘Eendracht maakt macht’ pakt wykpriis!

Sneon 25-2-2017
25 februari 2017
Weppers moandei 27-2-2017
27 februari 2017

Efkes letter dan jim fan ús wend binne is hjir dan de twadde stân fan de SDS-League.

Afbeeldingsresultaat voor eendracht maakt machtGert-Jan Hiemstra wie dit wykein al út de skroeven nei de winst fan SDS MC1 juster en no pakt hy mei ‘Eendracht maakt macht’ ek noch de wykpriis yn de SDS-League. Wy binne benijd as hy fannemiddei ek noch stiet te jûchheien nei Feyenoord-PSV……

De webmaster mei de lisfyts docht syn teamnamme ear oan. Mei ‘Fan min nei better’ pakte hy yn de earste wike ‘mar’ 21 punten, mar no mar leafst 48 punten en grypt hy mar krekt njonken de wykpriis.

Douwe Reitsma wie der mei ‘Ik gean foar de poedel’ aardich wis fan dat hy stride soe om de reade lantearn. Nei 14 punten yn de earste wike like hy hjir gelyk yn te krijen, mar no wurdt alles oars. Ek hy grypt mar krekt njonken de wykpriis mei mar leafst 48 punten. De Spaanske sinne docht him blykber goed.

‘FC De Rick fan de Kaktus’ fan Rick Hendriks prikt der dizze wike noch krekt boppe-út en stiet noch altiten boppe-oan al stiet nûmer 2 Sjoerd van Beem mei ‘FC Frysk Bloed tsjoch op’ mar ien puntsje ûnder him

‘FC Moais Tom’ is net handich dwaande. Yn de earste wike mar leafst 40 punten en no mar 14……. Dat is moai sTom. Hy sakket dan ek fan it 4e nei it 49e plak.

‘Maccabi Marco’ (Rijpkema) docht it noflik rêstich oan en bliuwt stiid ûnderoan stean. De PSV’ers Jan-Simon Jelmsa mei ‘Jelsmanian Devils’ en de familie Bervoets mei ‘De Lampies’ hâlde him noch wat selskip.

De folgende stân is wer gewoan op tongersdei te sjen yn de kantine rûn in oer as 20.30 oere en om 20.32 oere op de SDS-side.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 2.