SDS League: "DKV-Loos" pakt wykpriis!

Help RABO SDS stypjen!
12 december 2013
Seleksjes 14-12
13 december 2013

De wike foar Johan Delfsma kin oan ’t no ta net stikken. Earst kaarten skore foar dé derby SC Cambuur – SC Heerenveen en no ek noch de wykpriis pakke mei “DKV-Loos”. Hooplik hat hy jûn yn Zwolle nei PEC – SC Heerenveen noch altiten in goed sin…….

Johan hat gjin Dútse syktekostenfersekering……….

De “Supersubs” fan Dirk de Jong steane noch altiten boppe-oan yn de SDS League, mar krije aardich konkurrinsje. FC Dronryp fan Tsjalling Sikma en “Rockin’ in a Free World” fan Lolke Hofstra steane hjir respektivelik ien en twa punten ûnder.

De reade lantearn kin Harm Bergsma hast net mear ûntglippe. Dizze wike pakt hy 3 punten en hjirtroch wurdt it gat mei nûmer ien nei lêst, “PaPaul FC”(Paul Reitsma) wol hiel grut.

It sjit al wer aardich op mei dizze SDS League. Oer twa wiken komme wy alwer mei de einstân fan de earste helte fan de kompetysje.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.