SDS-League: ‘Dirks Angels’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 10-10-2018
10 oktober 2018
Weppers freed 12-10-2018
12 oktober 2018

Mei mar 9 fitte man yn de seleksje wit Dirk Stegenga mei ‘Dirks Angels’ dochs de wykpriis te pakken. Ek net sa gek, want hy pakt mar leafst 74 punten. Dit is krekt ien mear as syn maat Rick Hendriks mei ‘FC FRickandel’ en trije mear as ‘FC Wiebelich’ fan Wiebe Heeres.

‘FC FRickandel’ hat de smaak dus aardich te pakken en pakt de kopposysje. De baronnen fan ‘Kali Kartel’ (Igor Kalinowski) en ‘Pablo Rispens'(Martijn Rispens) lykje harren hannen oerspile te hawwen. ‘Kali Kartel’ sakket fan it 1e nei it 6e plak en ‘Pablo Rispens’ sels fan it 2e nei it 16e plak.

In primeur dizze wike yn de SDS-League. Der is namelijk in Kûbaarder de top 10 ynrûgele. Douwe Kooistra mei ‘Zo groen als gras’ meant mei 68 punten de hiele top 10 omfier en giet fan it 12e nei it 3e plakje.

Marc Hoekstra skoorde sneon omraak by SDS JO8-1 en soarge der mei foar dat syn team in prachtige oerwinning helle. Syn team yn de SDS-League hie wat in minder wykein. De ‘Hoekie Boys’ pakten mar 21 punten en sakken nei it 61e plak.

Underyn pakt ‘Moai STom’ fan Stijn Schildkamp en Tom Wijnia mar leafst 66 punten, mar sjit der neat mei op. Sy bliuwe ien nei ûnderst.  De reade lantearn bliuwt foarearst yn hannen fan Pytrik en Marit Kuperus mei ‘P(r)ima’.

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 4