SDS-League: De wykpriis wurdt parten!

Weppers woansdei 16-12-2020
16 december 2020
Noflik baljen foar de jeugd
23 december 2020

De wykpriis wurdt dizze wike dield troch ‘FC Mukkes’ fan Kevin, Wessel en Mark en ‘Paranoid’ fan Hendrik Eringa. ‘FC Mukkes’ hat de smaak mar goed te pakken neidat Mark Klijnsma Korona hân hat. Ferline wike pakten sy ek al de wykpriis.

Hendrik sil de priis wol parte……….

‘De Regenjas’ liket yn de zetel nei de titel te gean. Sy hawwe noch altiten 22 punten foarsprong op nûmer 2; ‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens. Ferline wike wie it gat mei de nûmer 2 (‘Bulder’) allinnich noch 29 punten.
‘Bulder’ fan Jan Mulder liket net allinnich neist de titel te gripen. Wiken stiet hy 2e, mar dêr is hy no ôf. Hy stiet no 5e.

Dat Koopmeiners fan AZ snein syn penalty oerjoech oan Jesper Karlsson wie net elkenien bliid mei yn de SDS-League…………. Der wurdt sein dat de koaches fan ‘De Regenjas’ hjirmei te krijen hawwe. Harren direkte konkurrinten hawwe namelijk Koopmeiners opsteld.
Foar de wykpriis makke it yn elts gefal neat út wa ’t de penalty naam.

Okke van der Kamp giet mei syn team “FC Okke” noch altiten fol foar de poedelpriis al is hy al 6 punten tichterby Aant Hofstra mei “Ut de losse pols” kommen. Sjoerd van Beem sollisiteard mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ ek noch nei de reade lantearn. Hy stiet noch mar 10 punten los fan it ûnderste plak.

De einstân kinne jim begjin nije wike ferwachtsje tusken Kryst en âld en nij.

 

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 9