SDS-League: De wykpriis wurdt dield en Rick giet fol foar de titel!

SDS JO19-1 is kampioen!
22 mei 2023
Weppers woansdei 24-5-2023
24 mei 2023

Dizze wike wienen der hiel wat punten te ferdielen yn de SDS-League. It grutte ferskil makke foaral Manhoef fan Vitesse. Hy pakte mar leafst 26 punten en dat is yn de nije stân dúdlik werom te sjen.

Dizze wike meie ‘Yilmás más más’ fan Bauke Dijkstra, Stefan en Dirk Kuperus en ‘De Sweerinkjes’ fan Tim en Hendrik de wykpriis diele. Sy pakten beide mar leafst 90 punten.
‘Bergosso’ fan Jan-Friso Bruinsma komt 1 puntsje tekoart foar de wykpriis, ‘Mis Schreuder’ fan Aant Hofstra en ‘9 & 10 juny Slachtepop’ fan Broer Greidanus beide 2 punten en ‘Jopie Kwast’ fan Erik Haitsma 3 punten.

‘Team Hatseflats’ fan Thys Bruinsma stiet noch altiten boppe-oan yn de SDS-League. Konkurrint Jaaps ‘Torpedo Toering’ hat hy fan him ôfskuodsje kinnen. Jaap spilet sûnder Manhoef fan Vitesse en sakket fan it 2e nei it 7e plak. Thys hat al in nije konkurrint krigen en dy komt akelich tichtby. Rick Hendriks komt namelijk op 3 punten efterstân op nûmer 2 mei ‘Another Rick in the Wall’.
It kin kommend wykein alle kanten noch op, want beide ploegen hawwe as oerienkomsten allinnich Manhoef(VIT), Simons(PSV) en Kudus(AJA).

Rick giet folle bak foar de earste priis!

‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp stiet noch stiif lêst en kin de poedelpriis eins net mear ûntrinne al sil dat him net folle útmeitsje no ’t hy ferline wike útroppen is oant erelid fan vv Oudega .

Noch ien wike te gean!

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 13