Weppers woansdei 24-5-2023

SDS-League: De wykpriis wurdt dield en Rick giet fol foar de titel!
23 mei 2023
SDS-slotjûn mei barbekjoe op 27 maaie. Jou dy no op!
25 mei 2023

Freedtejûn frouljusjûn

Kommende freedtejûn spylje de froulju fan SDS Vr.1 wer thús. It begjint om 19.30 oere en it wurdt fêst in alderaardichste jûn. Der binne alfêst alderaardichste barmanlju regele.

SDS-barbekjoe

Ynmiddels hawwe al mear as 100 SDS’ers harren opjoen foar de SDS-barbekjoe kommende sneon as ôfslúter fan it seizoen. Mar der kinne noch mear by.
Jou dy hjir noch gau efkes op.

Tiisdei 30 maaie SDS-spullen ynleverje

Trainers en lieders dy ’t SDS-materialen hawwe lykas ballen, wettersekken, SDS-sjurts en broekjes, hesjes, pionnen, trainingspakken ensfh. kinne dit tiisdei 30 maaie ynleverje tusken 19.00 en 20.00 oere by it ballenhok by Klaas de Haan.

SDS-Minileague

Sneon wie aler de lêste kear fan de Minileague dit seizoen. Yn it moaie waar en mei in oantal gastspilers waarden de wedstriden spile, penalty sjitten en patat nei ôfrin.
Se binne klear om folgjend seizoen yn kompetysje te gean…

Fansels nei de tiid patat

Dit binne de minileague spilers: Bauke, Edse, Djurre, Folkert, Danian, Stefin, Jay, Nanne, Jorn en Jildert.
Dianthe, Eise & Idwer misse op dizze foto.

Alle Minileaguers op de foto tegeare mei de gastspilers.

M(em)-side

By sc Cambuur hawwe sy de MI-side en by SDS hawwe wy de M-side oftewol de Mem-side. It wie sneon wer in pronkje:

De mem fan Lourens, de mem fan Pieter en jan, de mem fan Habtamu en de mem fan Wierd.

Kampioen, kampioen, kampioen!

Floris Hiemstra syn seizoen kin net mear stikken. Hy waard mar leafst 3 kear efter elkoar kampioen. Earst mei SDS 5, doe mei LSC 1(spilet syn skoansoan) en sneon mei de JO19-1.

Fuotbalskuon ôfklopje

Graach de fuotbalskuon net yn de boks ôfklopje op de muorren. De muorren gean der stikken fan. Bûten leit in boarstel wêrmei je de fuotbalskuon goed mei ôfboarstelje kinne.

Al foar €10,- nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles

Fia SDS kinne je kommende snein 28 maaie foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles.
Dizze wedstriid begjint om 14.30 oere. Fan dy €10,- giet der €2,- nei SDS.
Hoe dit yn syn wurk giet kinne jim hjir lêze.

Harsens derby (2169)

Wol in orisjinele manier om in spiler te stopjen…….

Letter miskien mear!