SDS League: De wike fan de Hofstra’s!

Sealweppers 18-12
17 december 2013
Weppers tongersdei 19-12
19 december 2013

It is dizze wike dúdlik de wike fan de Hofstra’s yn de SDS League. Lolke pakt mei “Rockin’ in a Free World” de kopposysje en broer Aant pakt de wykpriis mei “Liverdelaasje”. Foar de wepmaster sûnder lang hier is dit alwer syn twadde wykpriis dizze edysje.
It is al wat spitich foar Gerlof-Jan Hofstra dy ’t no krekt efkes net meidocht…….

Lolke en Aant kinne weromsjen op in knappe wike

It hie net folle skeelt of Jelle Wiersma hie mei “”Gjin Idee” de wykpriis pakt. Hy hat mar 2 punten minder as de wepmaster mei bril en hie de pech dat Steve de Ridder(UTR) snein in penalty miste en letter ek noch in reade kaart pakte. Neffens ûnbetroubere bronnen hat dit sneintejûn al it libben koste fan Jelle syn ôfstânsbetsjinning……… Aant koe dit efter hûs moai heare en sprong in gat yn de loft.

Lolke Hofstra giet der al wat fanút dat der yn de prizen falt yn dizze SDS-League. Hy hat dêrom alfêst wat prizenjild belein yn in kaartsje foar Rock Werchter….

It wurdt de lêste wike noch spannend. It ferskil tusken de nûmer ien en nûmer 2, FC Dronryp fan Tsjalling Sikma, is mar ien punt. Yn de nijste Treffer kinne jim alles lêze oer Tsjalling syn team. 

Harm Bergsma kin wol fêst in rollaadse fan tolve en in heal euro keapje, want wy tinke net dat hy de poedelpriis noch misrinne kin.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 12.