Sealweppers 18-12

Weppers tiisdei 17-12
17 december 2013
SDS League: De wike fan de Hofstra’s!
19 december 2013

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn ek wer ris los. Sy spylje om 20.30 thús tsjin Udiros 1. Geert Dijkstra sit efter de knoppen fan it skoreboerd.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn(2)
De froulju fan SDS-DA1 sille jûn ek wer efkes los yn de seal. Sy traine dêr fanôf 21.30.

SDS-frouljussealtoernoai
Op sneon 27 desimber is der in SDS-sealtoernoai foar de froulju en famkes fan SDS DA1, MC1 én MC2. Jim kinne jim
hjir opjaan.

Krystsealtoernoai Frjentsjer
De seleksje fan “SDS” foar it Krystsealtoernoai is ek klear. It is in kombinaasje wurden fan SDS’ers en SDS’ers om útens. Foar SDS spylje kommende sneon en 2e Krystdei de folgende lju: Sjoerd, Jacob-Klaas, Feite, Tsjipke, Wytze, Freek, Jehannes en Willem.

Foarrondes FK seal foar SDS C1
SDS C1 spilet kommende sneon syn foarronde foar it Frysk kampioenskip seal yn Frjentsjer yn de sporthal yn Easterein. It sil moarns wol om in oer as 9.00 los gean.

Harsens derby(1172)
As der no jûn mar net ien is dy’t mei syn fuotten yn de tizen rekket: