SDS League: De wike fan de healen!

SDS-sealtoernoaien en -trainen jeugd
13 november 2014
Seleksjes en programma
13 november 2014

It is dizze wike dúdlik de wike fan de healen………

Ôfrûne sneon koe Feiko Broersma net fuotbalje y.f.m. in blessure, mar dat wol net sizze dat hy it ôfwitte lit yn de SDS League. Hy pakt dizze wike mei “GVR” sels de wykpriis. Hy hat krekt 3 puntsjes mear as syn, noch net hielendal fitte, bruorke Grietzen. De broers(ma’s) steane no 3e en 4e op de ranglist.

Feiko is drok dwaande mei syn herstel.

Ek Sjoerd Rispens is blesseard, mar hy stiet mei “Algemeen Fons” noch altiten dik boppe-oan. Jaap Toering lit de oefenwedstryd fan SDS 1 jûn ek sjitte y.f.m. in lichte blessure, mar rint dizze wike dochs efkes 4 puntsjes yn op Sjoerd.

Douwe-Dirk Reitsma krige freed in bal op de kop by it “Efkes baljen” en dat levere him in flink blau each op. Je soenen sizze dat dat dizze wike wol wat opleverje soe yn de SDS League. Dit sit der allinnich net yn. Boudewijn Kramer is fansels noch mear blesseard en rint dizze wike samar efkes 24 punten út op Douwe-Dirk. DDR stiet dus noch altiten stiif ûnderoan.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 7.