SDS League: "De Ruiver FC" pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 26-3
25 maart 2015
Seleksjes sneon 28-3
26 maart 2015

Fansels stiet Sjoerd Rispens mei “Algemeen Fons” noch boppe-oan yn de SDS League en sil dêr wol stean bliuwe oan ’t de ien nei lêste wike. Oaren meitsje sa lang gjin kans…….
It ferskil mei de nûmer 2 is allinnich net sa grut. “FC Kali” fan Igor Kalinowski stiet mar ien punt efter him.

As Jelle Wiersma it mei it Frysk damjen dit jier krekt sa goed docht as mei “Frysk damjen is oars” yn de SDS League, dan koe hy noch wolris hege eagen smite.

Peter Stuiver pakt mei “De Ruiver FC” samar efkes de wykpriis! Twa wiken lyn wie it allegear noch gjin stoer wurdich en stie hy ien nei lêst en no pakt hy de wykpriis en stiet ynmiddels dield 20e.

Peter fiert syn wykpriis!

“Team Sytsma” pakte yn wike 3 de wykpriis en hat dêrnei de gang nei ûnder ynsetten.
No sakje sy wer fan it 20e nei it 42e plak.

Reade lantearndrager is no “SC EdBro” fan Broer-Jacob Greidanus en Eddy Visser. Sy hawwe derby stevige konkurrinsje krigen fan Douwe-Dirk Reitsma dy ’t sakket fan it 55e nei it 65e plak. Hy kin fêst noch wol in SDS-sjaal brûke.


Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 6.