Weppers tongersdei 26-3

Weppers woansdei 25-3
24 maart 2015
SDS League: "De Ruiver FC" pakt wykpriis!
26 maart 2015

Programma sneon
Jim kinne op de foarside altyd it nijste programma fine. Foar it gemak stiet it no ek
hjir.

De kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Sytse Hibma hat bartsjinst. SDS 1 hat ien en oar te bepraten, de nijste stân fan de SDS-League wurdt bekend makke en Sytse sil fêst in noflik stikje muzyk draaie. Kom allegear!

Kantinetsjinst
As der ien is dy ’t sneon efkes helpe kin efter de bar fan 15.00 – 19.30 dan soe dat moai wêze. Mail nei info@vv-sds.nl.

Neikompetsyje
SDS 2 hat noch 2 kansen om mei te dwaan oan de neikompetysje. As sy de lêste 5 wedstriden winne en as sy 10e eindigje.

Nije wike sneon SDS 1 – Mulier 1
Sneon spilet SDS 1 út tsjin NOK (“NOK out), mar nije wike sneon spilet SDS 1 thús de derby tsjin Mulier 1. Dat wurdt fêst in alderaardichste pot fuotbal en ek yn de kantine wurdt it fêst gesellich, want de mannen fan SDS 1 sille dan efter de bar en efter de muzykynstallaasje.

Bizar doelpunt
40 jier makke Hiddink wol in hiel bysûnder doelpunt neffens de krante. Bylden binne der helaas net. Sjoch
hjir.

SDS League
Jûn let kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje. Om in oer as 20.30 oere leit de nijste stân al yn de kantine.

SDS en de Poiesz-aksje
Je kinne noch oan ’t kommende snein 29 maart de Poeisz-munten ynleverje by de Poeisz yn Skearnegoutum. Yn de kantine stiet ek in bak wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt.
As wy trochsette dan moatte wy as SDS earst wurde kinne mei de Poeisz-aksje. Sjoch
hjir de nijste stân mar ris. It is tige spannend. It giet tusken VV Scharnegoutm en SDS.

De munten moatte foar snein yn de koker fan SDS. It iis kin letter wol opiten wurde.

Alderaardichst
De wepmasters binne der al út wat sy dit jier fan Sinterklaas freegje!

In nij jurkje foar de frou, fansels!

Harsens derby (1462)
As je skore, moat je al efkes goed jûcheie fansels, want dan kin de oare dêr nei ek!