Weppers woansdei 6-4-2022

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Fc Groningen
3 april 2022
SDS-League: ‘De Regenjas’ pakt wer ris in wykpriis!
6 april 2022

Seal

Yn de seal, yn Easterein treedt jûn SDS 1 seal oan tsjin Futsal Heerenveen 3. It begjint om 21.00 oere en jim binne fan herte útnoege. Op tv is dochs neat……..

Oersicht FD

It Frysk Dagblad makket nei it wykein altyd in hiel aardich ferslach fan bijsûndere dingen dy’t op de  amateurfjilden bard binne en dy’t se fia de sosjale media opfange. Ek dizze wike wer in ferslach en it koe net misse, SDS komt er ek yn foar. Sjoch hjir

Heech

Sommige  eardere fuotbalmaten fan Hendrik van der Eems spylje no yn it earste of it twadde fan SDS. Hendrik , dy’t heech springe en ek goed koppe koe, keas in oantal jierren lyn foar in oare “hege” sport. Syn mem Sjoukje lit ús fia faceboek meigenietsje fan it spektakulêre kitesurfen  bij in wedstriid yn Súd Frankryk wêr’t hij de tredde priis wûn. . Sjoch hjir

SDS 1 –  SVM 1

Kommende sneon moat SDS 1 wer oantrede tsjin in ploech út de top 4 fan de tredde klasse A.

Kletspoat

Ofrûne sneon naam Thomas van der Meer de ferantwurdlikheid foar SDS 4 en stie as ‘Leo Beenhakker’ oan de line te koachen. Hy wie de man fan alles en wie net bang om smoarge hannen te krijen en net te beroerd om in bal út de feart te heljen. Dit levere him al wol yn de earste helte al in kletspoat op……..

Reserve-Klassen

Der feroaret folgend seizoen fan alles yn it amateurfuotbal. Dizze feroarngs hawwe foaral te krijen mei SDS 2 dy ’t yn de Reserve-2e-Klasse útkomt:
https://www.knvb.nl/nieuws/assist-wedstrijdsecretarissen/assist-wedstrijdsecretarissen/66051/wijzigingen-competitie

Foar €10,- nei sc Heerenveen – Fc Groningen

Wolsto op snein foar mar 10 euries nei sc Heerenveen – Fc Groningen? Dan moast dit efkes lêze.

SDS-League

Fannemiddei in oer as 15.03 oere kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Lokwinske!

De flagger fan SDS 1, Hendrik Sweering, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2365)

Dizze is foar op de topskoorderslist.