Weppers tongersdei 8-11

SDS League: De Blaauw pakt wykpriis!
8 november 2012
Weppers freed 9-11
8 november 2012

Gjin keeperstrainen
De keepers kinne jûn mei de keeperswanten oan op de bank lizzen bliuwe. Wy krije fan Jaap Toering troch dat it keeperstrainen jûn net troch giet.

SDS-ledengearkomst
Justerjûn wie der wer de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Lokkich genôch wie de opkomst(sa ’n 25man/frou) grutter as foarich jier(22 man/frou…), mar der wienen noch altiten mear net as wol………. Der binne no namelijk 383 leden wêrfan 245 jeugdleden.

Notulen SDS-ledengearkomst
De notulen fan de ledengearkomst fan juster kinne jim ferwachtsje yn de Treffer fan desimber.

Ôfskie?
Enne Bruinsma naam juster ôfskie mei blommen en in SDS-klompke út hannen fan foarsitter Douwe-Dirk Reitsma nei fanôf 2003 diel útmakke te hawwen fan it haadbestjoer as haad fan de PR-kommisje. Hy sil noch wol in skoftke lid bliuwe fan de PR-kommisje. Tineke Vink krige in blomke nei in skoftke de ledenadministraasje op har nommen te hawwen.


Goed nijs!
De notulen fan de gearkomst fan juster komme fansels yn de Treffer, mar wy meie fêst wol melde dat der besletten is dat der dit jier gjin kontribúsjeferheging komt.

Min nijs…….
Wy moatte dan ek mar melde dat de kâns op in 3e fjild op koarte termyn in wier probleem wurdt. Efter de skermen wurdt der in bult wurk fersetten, mar spitich genôch smyt dit noch gjin fjild mei linen op.

Hallo jeugdtrainers,
Op vrijdag 16 november organiseren wij als TC-jeugd een leerzame en gezellige avond voor alle trainers en ook leiders van de jeugdelftallen.
De avond zal bestaan uit een voorbeeldtraining, het eventueel ontwikkelen van een gezamenlijke visie en het uitwisselen van ideeën, alles vergezeld met een hapje en een drankje.
Wij als TC verwachten daarom een hoge opkomst van in ieder geval de trainers, maar ook de leiders.
De avond start rond 19:30 uur (exacte tijd volgt).
Mocht je onverhoopt toch verhinderd zijn dan graag bij mij afmelden.
Groetnis namens de TC-jeugd:
Hans van der Schaar


Alde doaze
Justerjûn wie de ledengearkomst. It jier wurdt dan werombesjoen en der wurdt foaral foarút eage.
Oer 1956, 1957 en 1958 is ek alris wat skreaun: lekker koart, 3 jier op ien A-fjouwerke. Sjoch
hjir.

Harsens derby(884)
Dat is in knappe frije traap: