SDS-League: ‘Covid-11’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 4-10-2021
4 oktober 2021
Sportyf partnerskip mei sc Heerenveen
6 oktober 2021

De Covid-besmettingen rinne hieltiten mear efterút, mar ‘Covid-11′ fan Dirk Stegenga lit him dizze wike heare troch de wykpriis te pakken yn de SDS-League mei mar leafst 61 punten.
Wat wolle je ek mei sa ’n opstelling:

It wie in min wykein foar Erik Haitsma mei it ferlies fan Ajax en Cambuur. Uteinlik dochs noch wat ‘Genot’ yn de SDS-League mei 59 punten. Sa stoarmet hy de top 10 binnen op it 8e plak.

‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de hoop stiet noch altiten boppe-oan mei 8 punten foarsprong op ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus en ‘Snats Seuntjens’ fan de coming men Niels Hazewindus en Anco Bervoets.

‘2 minuten klaar’ fan Anouk Delfsma stie 3 wiken lang op it 2e plak, mar sakket no as in bakstien mei mar 27 punten nei it 14e plak.

‘Remontada’ fan Remon Rameau stiet noch altiten ûnderoan, mar Stefan van der Velde docht der alles oan op dit fan him oer te nimmen. Stefan hie mei ‘Moast dy bal foArjan’ in djipterekord mei mar 4 punten. It soarget der al foar dat hy ‘Remontada’ noch krekt ien puntsje foarbliuwt.

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 4