Weppers moandei 4-10-2021

Sneon 2-10-2021
1 oktober 2021
SDS-League: ‘Covid-11’ pakt de wykpriis!
5 oktober 2021

Tegeltsje

Hendrik Sweering flagge sneon by Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 foar it earst by SDS 1, mar it wie of stie hy der al jierren. Dat foenen sy yn Koudum ek en Hendrik krige dan ek in fertsjinne tegeltsje.

Wel of niet buitenspel….. de vlag weet het wel

Hurde kern

It kompleks fan Oeverzwaluwen oprinnende jout it SDS 1 in soad fertrouen as de hurde kern der ek is:

Mijlpaal

Hendrik de Jong makke sneon tsjin Oeverzwaluwen syn 110e goal foar SDS 1 en dat betsjut dat hy oer de helte fan it totaal fan Jappie Wijnia is. Dy stiet namelijk op 219. Dat der noch mar in soad goals folgje meie.

Rients Smeding

Renado oftewol SJO RVLC (Renado/VVI/Langweer combinatie) JO19-1 spile sneon yn Easterein tsjin SDS JO19-1 en as wy oan Renado tinke dan tinke wy oan âld-SDS’er Rients Smeding. Syn soan spile mei by RVLC en hy wie sels efkes meikommen om nei al dy jierren û.o. âld ploeggenoaten as Douwe-Dirk Reitsma, Jappie Wijnia en Floris Hiemstra efkes te treffen.

Rients boppe 3e fan links neist Douwe-Dirk.

Opa

Doe’t Douwe-Dirk Reitsma yn de jierren 90 in jier as 30 wie waard hy troch de jonkjes opa neamd om’t hy ien fan de âldsten wie. Sneon hy Douwe-Dirk tsjinst yn de bestjoerskeamer en hearden wy de ‘jonkjes’ Rients Smeding en Floris Hiemstra him wer opa neamen. Ynmiddels is hy dan ek in grutske pake.

Van Wad tot Stad

Yn de nijste edysje fan de Van Wad tot Stad sit in prachtige fuotbalbylage. Jim koenen him ôfrûne sneon fine yn de kantine. Der stie ek in stik yn mei de foarsitter fan vv SDS. Klik der op om it te lêzen.

Fansels sjocht de foarsitter der noch tige jong út……….. De foto is dan ek út 2004…….

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League kinne jim moarn hjir op de webside fine.

Harsens derby (2316)

Hiel soms haw je sa ’n dei dat alles slagget.