Weppers woansdei 22-5-2019

SDS-League: ‘Brouwerpower’ wint 54e SDS-League!
20 mei 2019
Weppers freed 24-5-2019
24 mei 2019

Programma dizze wike

Der binne dizze wike noch wat wat wedstriden hjir en dêr mei SDS teams.  Opfallend is de lêste wedstriid fan SDS MO15-1 op Flylân. Dy stiet pland op snein.

21-5-2019 19:45 VVI 3 SDS 3 2-2
22-5-2019 18:30 SDS JO9-1 S.F. Deinum JO9-1
22-5-2019 19:00 GAVC VR1 SDS VR1 3-0
24-5-2019 19:30 Oosterlittens VR1 SDS VR2 Littens
24-5-2019 19:50 SDS VR2 SC Bolsward VR4 Littens
24-5-2019 20:10 Bakhuizen VR1 SDS VR2 Littens
24-5-2019 20:50 SDS VR2 NOK VR2 Littens
25-5-2019 09:00 SDS JO12-2 SJO DFC JO12-2
25-5-2019 12:15 SDS 4 Hielpen 1
25-5-2019 14:30 SDS 2 SC Berlikum 2
25-5-2019 09:00 Franeker SC JO9-3 SDS JO9-1
25-5-2019 10:15 Leovardia MO13-1 SDS MO13-1
25-5-2019 10:30 Workum JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1
25-5-2019 11:30 Waterpoort Boys 4 SDS 3
25-5-2019 12:15 Workum MO17-1 SDS MO17-1
25-5-2019 14:30 Walde De 1 SDS 1
26-5-2019 13:45 VSV ’31 MO15-1 SDS MO15-1

SDS VR1 ferliest lêste wedstriid

SDS VR1 hawwe woansdeitejûn mei 3-0 ferlern yn Grou tsjin GAVC VR1

SDS 3 pakt punt by VVI

Justerjûn de wedstriid VVI 3 – SDS 3. It waard in 2-2 gelykspul. SDS 3 spile juster yn in spesjale miks fan jong en âld en pakte sa in knap rissultaat tsjin de koprinner. De doelpunten wienen fan Wierd en Pieter.
In dikke tsjinfaller wie de blessure fan Jeroen Wagenaar, dy ’t mei in sear skouder nei it sikenhûs moast.

Grote Clubactie

De jierlijkse Grote Clubactie hat dit jier mar leafst €960,- opsmiten! Allegear tige by tige!

Froulju domineare de topskoarderslist

Mei noch in inkele wedstriid te gean, liket it der op dat de topskoarder fan 2018-2019 in spylster fan SDS VR1 wurde sil.  It is noch wol spannend wa’t it wurdt, want der binne noch meardere kandidaten. Der is noch ien wedstriid te gean foar SDS VR1: jûn tsjin GAVC. Sjoch hjir de list oant no ta.

Standen

Der binne al in oantal kampioenen, mar der binne ek oare teams dy’t in prachtige skore helle hawwe dizze kompetysje. Sjoch hjir foar al dy tusken- of einstannen.

Midsimmercup 2019

Op sneon 22 juny wurdt yn Dronryp wer de jierlijkse Midsimmercup hâlden. In 5-tsjin-5-toernoai mei knappe prizen en goeie tsjinstanners. SDS die jierren mei, mar troch omstannichheden slagge dat de ôfrûne jierren net. Dit kear is SDS al wer fan de partij en sil fuotbalje mei Jaap Toering, Habtamu de Hoop, Tsjipke Okkema, Remco Hylkema, Wiebe Heeres, Skelte Anema en Matthijs Postma. In moaie miks tusken jong en âld. It kin wêze dat der noch in spiler by komt.

Transfermerke

It rint op it ein fan it seizoen en dan begjint it al wat ûnrêstich te wurden op de transfermerke. De TD fan SDS, Jaap Toering, is drok dwaande en kin wol melde dat der folgend jier sawisa wer 5 senioarenteams by SDS binne. Dit mei each op de trochstreaming fan jeugd nei de prestaasjeteams. Moai om te sjen dat de spilers fan de JO19-1 dy ’t nei de senioaren ‘moatte’ (6!) allegear trochgean. Dêrneist hat de transfermerke ien en oar opsmiten. Sa komme sawisa Peter Hoogerwerf en Skelte Anema wer by SDS fuotbaljen en binne der noch seker sa ’n 6 spilers ree fûn om (wer) by SDS te baljen. Wa? Nije wike kinne jim der mear oer lêze. Sneon earst dit seizoen mar ris ôfslúte!

Sneon SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Kommende sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen en is der foar de froulju in frouljusfuotbaltoernoai. Wy wolle dan lyk it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir opjaan of fia je leider! Graach foar woansdeitejûn!
Der binne ynmiddels al mear dan 110 opjeftes, dus it wurdt sawisa gesellich!

  

Slotjûn SDS- en Nijland-jeugd!

Kommende freed is der wer de jierlijkse slotdei fan de jeugd. Dit kear dogge SDS en vv Nijland dit tegeare yn Easterein. It is foar de fuotballers en fuotbalsters fan de MO13/JO13 oant de Minileague. Ek dit jier is der wer in fuotbaltoernoai, in fuotbalparkoers en fansels de befaamde penaltybokaal. En fansels limonade en patat! It begjint om 16.00 oere.
De jeugd kin harren hjir opjaan.

Harsens derby (2134)

‘Tikkie werom, Jaap!’