SDS League: Balletje, Balletje pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 26-11
25 november 2015
Seleksjes sneon 28-11
26 november 2015

It is dizze wike “Balletje, Balletje” fan Grietzen Broersma dy ’t de wykpriis pakt. Dit sil him goed dwaan, want hy giet hjirmei lyk syn broer Feiko foarby. De Broersma’s stean op ‘e nij 3e en 4e.


Dizze wike altiten priis foar “Balletje, Balletje”.

De “Sabbatical” foldocht Durk Okkema oan ’t no ta hiel best. Hy stiet mei “FC DWOpke” noch altiten boppe-oan, al kloppet Eeltje Postma mei “Maak er maar 3 kratjes van, Gertje Wommels” hieltiten hurder op de doar. It ferskil is no noch mar 2 punten.

Martijn Rispens makket mei “Free Moneyzzz”in flinke klapper dizze wike. Hy pakt dan wol krekt gjin wykpriis, mar giet wol fan 15 nei 5.

Arjan “Hallema” hat “Waridijk”(Ralph en Rudy) wer wat yn it sicht, mar hat noch altiten de reade lantearn.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.