SDS League: 2 leechfleaners pakke wiikpriis.

SDS 5 wint
15 april 2004
Wepperkes -freed-
16 april 2004

De nûmers 77 en 78 fan forige wike pakke dizze wike de wykpriis. It bliuwt dus in nuvere SDS League. De prizen geane nei “The Butchers” fan slachter LB en “FC Grasmat” fan EdB, soan fan Tamme.

WD liket alles te goaien op it kampioenskip mei SDS 1. Mei “Fjoer en Wetter wer together” moat der alwer klappen incassere. Sy sakje dizze wike fan 6 nei 17.

Wy hâlde it derop dat SDS 1 yn de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Bolswardia kampioen wurdt. Wy hâlde it der dan ek mar op dat de “Feenstra Boys” fan Boalserter SF de earste priis pakke yn de SDS League. Miskien skeelt it.

GAT goait it dit seizoen op in kampioenskip mei SDS 2, mar jout syn “November Rain” ek noch goeie kânsen foar de titel yn de SDS League. It giet oan ’t no ta ek knap. Hy giet fan 11 nei 7.

“De Kuijertjes” fan SS kuierje rêstich troch op klompen. Dizze wike wer lang gjin wykpriis en noch altiten stiif ûnderoan.

Groetnis, Willem.

Hjir kinne jimme de nije stân besjen: wike 8