SDS-jûn: Jou je gau op foar de barbekjoe!

Programma SDS-jûn en -feilingstikken!
26 mei 2015
Weppers tiisdei 26-5
27 mei 2015

SDS organisearet op sneon 30 maaie in grutte SDS-jûn yn de SDS-kantine as moaie ôfslúter fan it seizoen.
Ûnder it genot fan in hapke en in snapke en in stikje muzyk kin it seizoen noch moai efkes oereide wurde.
Rûn 19.30 oere sil dan de grutte SDS-feiling los gean.
Alle opbringsten fan de jûn komme ten goede oan it nije keunstgersfjild!

Mei dit formulier kinne je je opjaan foar de barbekjoe.
Eltsenien is wolkom fanôf in oer as 17.00 oere.
De barbekjoe giet dan los om in oer as 17.30.
De kosten hjirfoar binne €10,-
Dizze SDS-jûn is foar eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraacht.
Wy ferwachtsje fansels alle senioaren, sealfuotballers, A- en B-junioaren, stipers, âld-leden, Efkes Ballers, mar ek supporters, froulju fan manlju, manlju fan froulju, manlju fan manlju, froulju fan froulju, frijwilligers, heiten en memmen, pakes en beppes, Wommelsers, Itensers, Eastereiners, Reahûsters en neam it mar.

Graach opjaan mei help fan dit formulier foar woansdei 27 maaie 22.00 oere!