Programma SDS-jûn en -feilingstikken!

Rijperkerk 2 – SDS 2
25 mei 2015
SDS-jûn: Jou je gau op foar de barbekjoe!
26 mei 2015

Programma SDS-jûn!
It programma foar de SDS-jûn sil der sneon grof wei sa útsjen:
Fanôf 14.45 oere: SDS 2 – Rijperkerk 2 (neikompetysje)
Fanôf 16.30 oere: SDS B1 tsjin de heiten
Fanôf 17.00 oere: SDS-barbekjoe
Fanôf 18.30 oere: bekendmakking winners SDS-League
Fanôf 18.45 oere: SDS-ferlotting
Fanôf 19.30 oere: SDS-feiling
Fanôf 21.30 oere: SDS-muzyk
en dan sjogge wy wol hoe let as it wurdt!
Tuskentroch draaie wy ek noch efkes oan it Draaiend Rad!

Prizen SDS-ferlotting 

1. €3000,-

2. €1500,-

3. € 500,-

4. Trainingspak SDS (€45,-)

5. Trainingspak SDS (€45,-)

6. Voetbaltas SDS. (€33,-)

7. Hoodie SDS (€32,-)

8. Sweaters SDS (€25,-)

9. SDS sjaal (€12,50)

10. SDS sjaal (€12,50)

Mocht it sa wêze dat der winners binne dy ’t gjin belangstelling hawwe foar de SDS-klean dan krije sy in MUTA-bon.

SDS-bar
Sneon steane Sytse Hibma, Jaap Toering, Boudewijn Kramer, Andries Lanting, Bauke Dijkstra en mooglik Jan Stenekes en Jan-Friso Bruinsma efter de bar.

SDS-feiling
Feilingmaster Skelte Anema hat kommende sneon alderaardichste feilingstikken te feilen! Hy sil rûn in oer as 19.30 oere los. Frans Munsterman brocht hjoed noch in nijsgjirrich feilingstik binnen. In sa goed as nije faatwosker. Biede mei fia info@vv-sds.nl fanôf €100,-
 

SDS-feiling (2)
Wa liket it net wat? Ien minút fergees boadskipje by de Jumbo Kooistra yn Wommels.
Biede mei fia info@vv-sds.nl fanôf €50,-


SDS-feiling (3)
Foat tarstige lju bied Jimbar Wommels in fust bier oan op te drinken yn de Jimbar.
Biede mei fia info@vv-sds.nl fanôf €100,-
Dat kin ek mei syn fjouweren fansels!


SDS-feiling (4)
Túnnoannimer Evert Tanja bied 8 oeren túnwurk oan foar de SDS-feiling. “Moai dast der bist jong!”
It earste bod fan €125,- is al binnen.
En út Spannum hawwe wy no in bod fan €150,-
Wa bied mear?
Biede mei fia info@vv-sds.nl


SDS-feiling (5)
Johan Postma kin alles mei steigerhout en bied in prachtige duosit oan!
Biede mei fia info@vv-sds.nl fanôf €100,-


SDS-feiling (6)
It earste bod op de middenstip fan it nije keunstgers is binnen! €275!
Wa bied mear?
Biede mei fia info@vv-sds.nl


SDS-feiling (7)
As de middenstip je te djoer is dan kinne je ek biede op ien fan de kornerflaggen.
Biede fanôf €25,- mei fia info@vv-sds.nl


SDS-feiling (8)
As de middenstip je te djoer is, de kornerflagge je te min dan kinne je ek biede op ien fan de penaltystippen c.q. -gebieten.
Biede fanôf €50,- mei fia info@vv-sds.nl


SDS-feiling (9)
Dy komt moarn!