SDS-jubileumplaatsjesboek

Weppers freed 15-7-2022
15 juli 2022
Yn it Friesch Dagblad
18 juli 2022

It sjit al aardich op mei it SDS-jubileumplaatsjesboek. Alle spilersfoto’s binne makke, de ferhalen binne skreaun en it meast stiet al te plak yn it boek mei help fan Drukkerij Van der Eems.
Wannear as it boek eksakt útkomt hâlde wy noch efkes ûnder de pet. Hjir al wol in bytsje in idee hoe as it der ûngefear útsjen giet.
De plaatsjes kinne mei de tiid sparre wurde by de Jumbo-Kooistra yn Wommels.

Neist de plaatsjes dy ’t troch Henk Bootsma sjitten binne steane der guon ferhalen yn fan û.o. Jan Hiemstra, Anna-Marie Wijnia-Kuindersma, Aant Hofstra, Meinte Wesselius en Harmke van der Werf.

Yn 1997 kaam it SDS jubileumboek 50 jier yn swart-wyt út. Der wurdt no hurd wurke om it ynkoarten hjir digitaal op de webside lêze te kinnen.

Yn 2010 wie der in plaatsjesboek. Ek doe koenen de plaatsjes sparre wurde by de Jumbo-Kooistra yn Wommels.