Weppers freed 15-7-2022

Seleksjes senioaren 2022-2023
15 juli 2022
SDS-jubileumplaatsjesboek
18 juli 2022

SDS 2

De earste training fan SDS 2 foar it nije seizoen sil wêze op tongersdei 4 augustus ûnder lieding fan de nije trainer Samir Tawafra. SDS 1 begjint ek op tongersdei 4 augustus.

Toernoai yn Gorredyk

SDS 2 sil op sneon 13 augustus meidwaan oan in nijsgjirrich toernoai yn Gorredyk. Sy spylje dêr 5 wedstrydsjes fan 20 minuten tsjin TFS 1, Mildam 2, Gorredyk 2, Wispolia 1 en sc Boornbergum 1.

Opjaan foar it mikstoernoai mei it SDS-jubileum

Al mear as 30 SDS’ers, frijwilligers en âld-SDS’ers hawwe harren opjûn foar it mikstoernoai en de barbekjoe mei it SDS-jubileum op sneon 3 septimber. Wy hawwe der no al nocht yn om Klaas Groenhof, Hjalmar Ruiter, Jacob van Wieren, Freek en Johannes Tichelman, Sytze Kooistra, Martin Rienstra, Arjan Posthumus, Dennis Dijkstra en Ruurd Visser dan wer te sjen.
Jou dy ek gau op sadat wy der fêst rekken my hâlde kinne. Je kinne je fansels ek allinnich opjaan foar de barbecue.
Jou dy hjir op.

Opjaan klinik sc Heerenveen

Op sneon 3 septimber is der foar de SDS-jeugd in klinik fan sc Heerenveen. As it goed is dan kinne de bern harren dêr nije wike foar opjaan fia de webside.

SDS-jubileumplaatsjesboek

Wy binne drok dwaande om mei Drukkerij Van der Eems it SDS-jubileumplaatsjesboek foar elkoar te krijen. It begjint der al aardich op te lykjen. De plaatsjes en de mapkes wêr as sy yn sitte wurde sels al drukt. Begjin septimber binne sy by €10,- oan boadskippen by de Jumbo-Kooistra yn Wommels te krijen.

Bekeryndieling SDS 1

As it goed is dan wurdt de bekeryndieling foar SDS 1 nije wike tiisdei 19 july bekend makke.

Henk Mulder

Henk Mulder ferliet ferline jier SDS JO19-1 om by 5e-Klasser Tzummarum oan de slach. Kommend seizoen sil hy sc Franeker JO19-1 traine. Wy winskje him dêr in protte súkses!

Friesch Dagblad

It liket der noch altiten op dat SDS de ienige klup yn Fryslân is wêrfan de webside yn it Frysk is en ek it klupblêd. Edward Jorna skriuwt oer it brûken fan de Fryske taal yn it amateurfuotbal en moarn sil syn stik yn it Friesch Dagblad stean. Grutte kâns dat SDS neamd wurdt. 😉

Frijwilligers

Mei it SDS-jubileum kinne wy wol wat frijwilligers brûke by bygelyks de sc Heerenveenklinik en it mikstoernoai foar de senioaren en de barbekjoe. Liket dit je wat mail dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (2380)

Toet, toeeeeeeeeeeeeet!