SDS ferliest fan ONS

SDS 5 iepent seizoen
15 augustus 2003
SDS 1 yn it nij
17 augustus 2003

Under it tafersjoch fan it duo Kees en Anne oefene SDS tsjin 1ste klasser ONS.

ONS út Snits hat sneontemiddei mei 2-6 wûn fan SDS. Twa kear kaam SDS foar troch doelpunten fan Henk Postma en Wichard Deinum mar ONS wist hieltyd frij gau werom te kommen.

De skiedsrjochter spile by dy twa doelpunten in wichtige rol. Earst negearde hy de grins foar bûtenspul en dêrnei makke Wichard in ûnskuldige handsbal trochdat hy in triuw krige fan in ONS-er.

ONS kombinearde wat makliker en wist foar de thee noch 2-3 oan te tekenjen. (twa doelpunten fan Tom Haarman)

Nei de thee kamen der wat wiksels oan bod. Troch eigen yndividuele flaters wist ONS wol hiel maklik út te rinnen nei 2-6.

Kanskes wiene der noch wol foar SDS mar doelpunten waarden der net mear makke.

Begjinopstelling:

Broer Wiebe

Wichard, Feite, Floris, Jan Simon

Tsjipke Klaas, Anne, Harm

Durk Yde, Marco, Henk

Wiksels yn de twadde helte:

Marten, Jacob Klaas, Gerrit en Tjeerd

In giele print wie der foar Marco Ottens.