SDS ‘ers al drok yn training!

Wêr hawwe sy it oer?
5 juli 2005
Wepperkes -woansdei-
6 juli 2005

Inkelde spilers fan SDS binne al wer drok oan ’t trainen. Sa wurdt der yn Wommels wol gauris op it fuotbalfjild fuotballe(ek troch Eastereiners). Snein waard der in drekrace hâlden tusken Kubaard en Wommels. Ek hjir ûndutsen wy inkelde SDS’ers. Klik hjir foar mear foto’s.
(Mei tank oan
www.jaring-fotografie.nl)


Eltsenien stiet klear foar de start.

Hendrik de Jong(hielendal rjochts) leit by de 1e hindernis as 2e yn ’t wetter mar wit úteinlik al mei de 1e priis nei hûs ta te gean.

Jan hie der gjin rekken mei hâlden dat der bûten in soad drek ek wetter yn de sleat siet.

Siket SDS ek noch keepers??

Lit mar………..of hat der de snoek al klem?

Klaas kin hast ek wol wer fuotbalje.

Dennis(as is it Bernard?) wie ek no wetterfluch.

In snoek??????????????

Oh neeeeeeee………………it is Jan.

Jan koe wol wat hulp brûke.

By de Jimbar koe moai eltsenien efkes ûnder de brûs.

Sjoch foar mear foto’s op www.jaring-fotografie.nl. Op dy side kin je ek foto’s bestelle.