Wepperkes -woansdei-

SDS ‘ers al drok yn training!
6 juli 2005
Wêr is Aant H?
7 juli 2005

Jan Stenekes giet de seal yn
Hjirby wol ik graach de oergong bevestigje fan Jan Stenekes nei it twadde sealteam fan SDS. Nei it stopjen fan Samme Overal as goalkeeper ha wy yn Jan us nije keeper fun. De transferwaarde is net nei buten brocht, mar neffens insiders giet it om in slordige € 8.000,-. Yn it contract is der in bysundere clausule opnaam dat him ferplicht stelt om tidens de simmerstop diel te nimmen oan in speciale ’trainingsdei’ op de terrassen fan Amsterdam.
Groetnis DYS

Tip
Enne Bruinsma hie noch in tip foar it plak fan de nije elftalfoto:
Op de Terp yn Wommels. De gemeente hat him der speciaal foar opknapt.

Kluivert-fans oplette!
No tongersdei spilet Valencia syn earste oefenwedstriid tsjin SC Cambuur yn Bûtenpost. De wedstriid begjint om 19.00 oere. It sil de 1e wedstriid fan Patrick Kluivert wurde yn ’t sjurt fan Valencia. Wy binne benijd as der ek oankommen is……… 

It sil my benije………..

Bekerprogramma
It bekerprogramma foar de Amstel Cup foar profs en inkelde haadklassers is bekend. De Fryske ploegen treffe aardige tsjinstanners. Allinne Drachtster Boys hat op papier in “maklike” tsjinstanner.
SC Joure – Jong Ajax
Harkemase Boys – Vitesse
WKE – SC Cambuur
Drachtster Boys – WSV
De wedstriden wurde spile op 6 of 9 augustus.

Oefenje, oefenje…..oefenje
Sa simmers kin je moai yn ‘e tún wat mei in bal ompiele en wat aardige kuenstkes lere. Sa kinne je op de earste training moai de rest fan it team de eagen útstekke. Hielendal as je dit allegear kinne(klik
hjir)(hy docht it no al).
(Mei tank oan Tsjerk Politiek).

Útgeanstip!
Hjir foar degene dy ’t sneontejûn neat te dwaan hat hawwe wy hjir in útgeanstip fan ‘us âldste webmaster:
ZATERDAG 9 JULI 2005
OUDEMIRDUM
LOCATIE: FEESTTENT HUNINGSPAED (MET SCHITTEREND UITZICHT OP HET IJSSELMEER)
VAN 20.00 UUR TOT 01.00 UUR
S W E E
1E OPTREDEN IN ZUID-WEST FRIESLAND
PRESENTATIE 1E CD-SINGLE (OVB)
NA AFLOOP:
“EFTER (UT) PARTY”
DRIVE-INN SHOW MET MUZIEK UIT DE JAREN ’60, ”70 EN ’80
MET SPECIAL GUESTS:
ABBA ACT VOULEZ VOUZ
ENTREE: EUR 5,00 TOT 21.00 UUR, DAARNA EUR 8,00

Pearkekeatsen
Pearkes dy ’t snein noch neat te dwaan hawwe kinne harren oan ’t en mei tongersdei opjaan foar it pearkekeatsen yn Wommels.

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl.