SDS en it Coronafirus (3)

Weppers sneon 11-4-2020
11 april 2020
SDS-jeugd: Download de VTON-app en gean los!
15 april 2020

De KNVB hat twa wiken werom besletten om it fuotbalseizoen by de amateurs net mear ôf te meitsjen. Dat betsjut dat it fuotbalseizoen foar ús dien is.
Mar hoe no fierder?

– It bestjoer fan SDS hat besletten om de kontribúsje fan de twadde helte fan it seizoen gewoan te innen, al is der mar efkes fuotballe. SDS makket wol kosten en mist ynkomsten en folget hjirmei ek it advys fan de KNVB en it belied fan de fuotbalklups om ús hinne.

– De dropaksje koe dizze moanne net trochgean. It SDS-bestjoer sil besjen wat hjir letter mei te dwaan. De drop stiet al wol yn de bestjoerskeamer…….

– As it RIVM it ta lit dan soe SDS noch hiel graach in Slotdei organisere wolle foar de jeugd oan it ein fan dit seizoen. Dit soe dan ek yn juny kinne.

– De SDS/Nijland-jeugd kin sels thús traine troch gebrûk te meitsjen fan de VTON-app. Sjoch dêrfoar hjir.

– De sjurts kinne pas ynlevere by Klaas de Haan as de wrâld wer wat normaal draait. De hesjes dy’t oars yn it ballenhok hingje binne alfêst útwosken.

– It sportpark is noch altiten ticht en lykas oars mei der net op it keunstgers fuotballe wurde as der gjin wedstriden binne. De goals binne fuorthelle.

Om ús stipers te stypjen dizze tiid liket it ús goed om se in hert ûnder de rym te stekken troch by harren je guod te keapjen!

Al mei al is it wichtichst om mei syn allen sûn dizze tiid troch te kommen!

Mochten jim fragen, opmerkings of oars wat hawwe mail it dan nei info@vv-sds.nl.

Ut namme fan it bestjoer fan SDS
Willem Wijnia
foarsitter SDS