Weppers sneon 9-6

Weppers freed 8-6
7 juni 2012
SDS- EK weppers
10 juni 2012

EK poule
50 dielnimmers stride yn de SDS poule. Yn de rin fan sneon is de earste stân
hjir te sjen ûnder subpool vv-sds

Midsimmer
Hjoed is der wer it grutte midsimmerfuotbaltoernooi yn Dronryp. Spitigernôch docht SDS net mei, mar wol in soad oare goeie ploegen. It skema sjocht der
sa út.

Statistiken
Wij hawwe fan de moanne april en maaie de besikersoantallen op ús side efkes op in rige setten.  It oersicht kinne jim
hjir sjen.
It gemiddelde komt út op 715 in april en 723 in maaie per dei.

Jeska
Jeska Terpstra hat hjoed har jierdei. Wij witte net hoe’t it yn Easterein is, mar heal Wommels hat yn alle gefallen de
flagge út. 12 jier is se wurden.

EK sjen
Jûn spilet Nederlân tsjin Denemarken. Dat is op in hiel soad plakken te sjen. Thús, yn de kantine fan SDS en yn de feesttinte yn Wommels. It is mar wat je wolle.

Harsens derby (782)
Euuuuuuuuuuhhhhhhhhhhhhhhhhhhh………..bûtenspul?

Mooglik letter mear?