SDS E1 kampioen!

Ut- en ferslaggen 21-5
20 mei 2016
Weppers snein/moandei
22 mei 2016



Hjoed de kampioenswedstriid tsjin ONS Boso Sneek. En dat is net de minste tsjinstander, út hienen we 2-3 wûn, mar dy oerwinning lei foar in grut diel oan hiel best keepers wurk fan Yke.! In swiere taak foar ús om de saak efter goed ticht te hâlden en foar kansen te kreëen. De earste helte gong aardich lyk op. Wy koenen merken dat de mannen al wat senuweftich wienen! Mar dochs kriigen we wol kansen, mar wer’t we de lêste wedstriiden maklik skoare, gong dat hjoed hiel dreech. Der stie ek in beste keeper bij ONS op goal, moat ek efkes sein wurde. Oan de oare kant mochten we ek net klaaie, ONS hie foar de wyn en liet aardich wat ballen los op de goal fan SDS. Lokkich dat Yke wer goed stie te keepen, want der sieten toch wol in pear 100% goals tusken. Dus mei 0-0 de rêst yn en dat wie ek wol it byld fan de wedstriid. Ek de twadde helte begong dreech, mar dochs krigen we mear kansen. Ate hie instructies krigen dat hij mear op de goal sjitte moast, wij hiene lêst foar de wyn. Nei 10 minuten wie dat momint der en helle Ate goed út en ……. skoart!!!! Dernei krigen de mannen fertrouwen en kaam d’r in goeie periode fan de E1 en hienen we wol mear goals meitsje kinnen en moatten….. mar spitich genoch woenen se d’r net yn. De wedstriid kantele en ONS waard sterker en sterker en sa’n 5 minuten foar it ein, skoare fan ONS, dochs noch 1-1….. De spanning wie kompleet werom en de kopkes stienen bij in oantal fan SDS wol hiel strak! It wie no saak om dizze stân fêst te hâlden, want 1 punt wie ek genoch, mar oh,oh wat wie dat dreech!! Op de latte en oer de latte hinne rolje, nei de sydkant. Mar troch de striidkrêft fan alle jonges koenen we de 1-1 fêsthâlde oan it einsignaal!!!!

En dus KAMPIOEN!!!!!!! 8 wedstriiden, 6 wûn, 1 gelyk en 1 ferlern, doelsaldo fan +20. Dizze hiele seizoenshelte op it 2e plak stean op de lêste dei dochs noch it kampioenskip pakke, hiel best, echt komplimenten foar dizze mannen! Al mei al kostet it ús tsien jier fan ús libben mar it wie mei rjocht in echte kampioenswedstriid. Dochs wie ONS hjoed eins de bettere ploech… H

jirby wolle wy ek alle supporters bedanken dy’t d’r hjoed wienen!!! Fantastysk!! En ek by de foarige wedstriiden wienen d’r altyd wol in pear supporters mei. En fansels de heiten en memmen fan de mannen. Nea in raar wurd heart, altyd posityf, meitinke, wol ruilje wolle, ek sûnder jimme hienen we it net kinnen!!!! Ek hjir nochris alle trainers, Robin, Sietse, Luuk, Steven, Hans, Rutger en Gert-Jan, jim ha de mannen echt better makke en dat koene wij yn it fjild werom sjen.

Goeie fekansje tawinske!!
Folkert Rients en Anneke