SDS 65 jier foto’s en sa!

Weppers moandei 13-8
12 augustus 2012
SDS-klupliet
14 augustus 2012

Bauke de Boer hat freed op it jubileum hiel wat foto’s makke.
Klik op de foto hjirûnder en jim kinne se sjen.


Jeugdtoernoaien
By de jeugd wienen der toernoaien foar de F’kes, E’tsjes en de C-D’s.

By de F’kes wûn PSV; Jelmer Brouwer, Gerbrand Kramer, Jildert Hiemstra en Redmer Wiersma.


SC Heerenveen wûn it by de E’tsjes;
Tom Wijnia, Gerhard Hiemstra, Douwe-Jan Vellinga,
Kevin den Haan en Sjors Boschma.


ADO-Den Haag wûn it by de C-D’s. Sietze-Marten Stoffelsma, Ezechiël Hoitenga, Matthijs Postma, Jorrit Hofstra en Rimmer Kamstra en Johannes Sybesma(beide sittend).


Akke-Rixt, Alize, Marije, Neeltsje en Jitske en Jeska(sittend) wûnen it as “Team USA” by de froulju.


By de senioaren wûn Brazilië it;
Ruerd Visser, Pieter Kamstra, Ayanle Barkat, Willem Wijnia en Remon Rameau.
Gert-Jan Hiemstra, Robbert Gorter, Harm Stremler en Folkerts-Rients Vellinga(sittend)

SDS-kwis
Jûns wie der noch in SDS-kwis. Dizze waard wûn troch Team Swart dy ’t it wûnen fan Wyt. Team Swart gie mei “Negerzoenen”(swart fan bûten wyt fan binnen) nei hûs en Team Wyt mei “Swart-wytsjes”(swart of wyt fan bûten en swart fan binnen).
Wa ’t de kwis foar himsels noch efkes dwaan wol kin dat hjir dwaan.

SDS-klupliet
Foar de SDS-kwis spile Jan Nota it nije SDS-klupliet(klik hjir).

Jan Nota
Nei de kwis gie it dak derôf mei Jan Nota.

Jou Jan Nota in gitaar en in mikrofoan en it giet oan!

Freestyle-Fuotbalshow
Middeis wie der foar jong en âld in Freestyle Fuotbalshow troch
Melvin Coenraad (Groningen) en Maarten van Luit (Alkmaar)(GO-FREESTYLE).
Maarten hat earder meidien oan Hollands Got Talent 2011 en beide hawwe meiwurke oan de EK-fideoklip fan DJ Armin van Buren.
Earder stienen Maarten en Melvin ek al op de Iepen Dei fan Ajax, NEC en Roda JC.
Dit wie de muoite wurdich: