SDS 5 rukt op

SDS 1 bestellen
26 april 2003
Tiisdei 20.00 oere SDS-RES yn ‘e Greidhoeke
28 april 2003

Rein op de klaai en jirpeldollers yn Easterein

It is al in skoft droech.  Dat skine sommige minsken net leuk te finen. Mei namme yn de bouhoeke sitte se te springen om wetter, sadat wy aansens wer goeie bildstars keapje kinne. De fuotbaljende jirpelbouboeren út Ouwe Syl wisten net wat harren oerkaam. Fansels se moasten nei Easterein om te fuotbaljen tsjin SDS 5, mar dat hoecht noch net te betsjutten dat it dêr altiten reint. Dat barde wol. Dy lju wiene like bliid mei it reinwetter as wy mei de punten. Mei in oantal gastspilers waard troch SDS in prima wedstriid spile.

Der foelen twa doelpunten. De earste nei in prima oanfal fia Klaas Molenmaker, Sipke Hiemstra en Lieuwe Meijer waard prima ynkopt troch Willem Tjalsma.

De twadde kaam op namme fan Jelle de Boer. Hy frommele wat yn de 16 meter en waard del lein. De strafskop skeat er sels yn.

Marco Hoekstra fluite en hy die dat prima.

De ploech liket klear te wêzen tsjin de koprinner. Sneon 3 maaie tsjin Lions om 11.00 oer yn Easterein