SDS 1 bestellen

Doelpuntenmakkers
26 april 2003
SDS 5 rukt op
27 april 2003

Soms is it net maklik in goed byld fan in wedstriid te krijen wannear je der sels net west ha. Sa wie it ek dizze kear.

Wa’t je ek fregen, supporter spiler, trainer, heit of grinsrjochter elkenien hie it mar oer ien ding. De skiedsrjochter. De hear M. Prins.

Of hy hat in protte famylje wenjen op de Lemmer of yn Wytmarsum of hy hat in hekel oan elkenien dy’t út Easterein, Wommels, Mantgum of Kûbaard komt. Mar wat dizze man dizze middei prestearde op it fjild yn Lemeer wie neat, wie waardeloas, wie in drama.

Wa die hy ferkeard?

Hy joech hast alle frije trapen oan CVVO, hy joech giele printen dy’t nearne op sloegen, hy karde in bûtenspul doelpunt goed, hy joech Geart Hiemstra read en hy joech yn de alderlêste sekonde in strafskop oan CVVO.

It wie noch in gelok dat men my fertelle koe dat SDS skoorde troch Tsjipke Klaas Okkema en troch Harm Stremler út in strafskop.

En de skiedrjochter: dy wie him fan de prins gjin kwea.