SDS 5 hat earbied foar grize hierren

SDS 1 hellet prima oerwinning
22 maart 2003
Wichard Deinum nei 35 +?
25 maart 2003

Tsjin Ljouwerter Sweltsjes 12 fuotbalje, betsjut dat je fan te foaren witte dat je sels it jongste alvetal binne wat binnen de linen stiet. Teminste trije 60 plussers (ien is sels 69) sette dêr de linen yn it fjild út en soargje der foar dat oaren better fuotbalje.

Mei in poerbêste doelman en twa rappe spitsen fersloegen sy SDS 5 mei 3-1.

Of fersloech SDS 5 him sels troch tefolle kansen te missen wêrtroch sy op kondysje de wedstriid beslisten. Wa sil it sizze!

Bij SDS 5 binne se net grutsk op dizze prestaasje en sy hoopje dat dit it djiptepunt fan it jier is. Of kin it noch slimmer. Fan CVO 2 (dy hawwe noch gjin punten) ferlieze bygelyks. It is ôfwachtsjen.

Sneon 29 maart is der in gelegenheid om dizze prestaasje wer rjocht te setten Bitgum komt om 14.30 oere op besite yn Easterein.