SDS 1 hellet prima oerwinning

SDS 1 bliuwt meidwaan
16 maart 2003
SDS 5 hat earbied foar grize hierren
24 maart 2003

SVM 1-SDS 1        0-2

SDS 1 krige yn de earste helte in protte kansen. Der waarden te folle mist. Hindrik de Jong wist it doel te finen. Nei de thee soarge de ploech út Marknesse foar mear druk mar it waard net gelyk. Nee, it waard troch in “wrâlddoelpunt”fan Tsjeard Halbersma 0-2.

Feite de Haan seach giel en sil wol skorst wurde .

Neffens ús bron (Harm Bergsma) hâldt it net oer mar wie de oerwinning wol fertsjinne. In man fan de wedstriid wie neffens him net oan te wizen.

Neffens in oare bron(Anne Brouwer) wie SDS foaral yn ‘e earste helte folle better as SVM. Neffens him hie it wol 0-6 wêze kinnen.

Henk Postma foel yn foar Hindrik de Jong en Anne Stenekes foar Robert Sybesma.