SDS 2 wint wer

Wepperkes
9 november 2003
Brutus set SDS5 op skerp
10 november 2003

SDS 2 hat ek juster syn wedstryd tsjin Balk wer wûn. Yn Easterein waard mei 1-0 wûn. It doelpunt waard makke troch Henk Postma of Harm Auke Dijkstra.

It twadde miste nochal wat spilers. Neffens foarige wike misten sy 7 basisspilers (Jacob Klaas (1e), Dennis (1e), Jeroen (wykein fuort), Donny (wurkje), Gerrit (blesseert), Tjeerd (blesseert) en Auke (blesseert) Lokkich genôch krige it 2e der net de minsten foar werom (Henk, Arnold, Stefan, Pieter, Jan, Harm Auke en Syb). Jeroen W. en Jentsje begienen op ‘e bank. Frank, Jos, Willem en Marten stienen der ek foarige wike al. SDS 2 begûn wer yn it 4-4-2 systeem. SDS joech de hiele wedstriid weinich kânsen fuort en waard sels sa no en dan gefaarlik. De rêststân wie 0-0. Yn ‘e twadde helte waard Syb yn ‘e djipte stjoerd troch Willem. Syb sette de bal goed foar en it wie Henk Postma dy de bal yn ‘e goal sjitte. Neffens Harm Auke Dijkstra rekke hy him noch krekt oan. Balk drong hjirnei noch al oan mar waard net mear echt gefaarlik.

SDS 2 stiet moai boppe-oan. Kommende sneon meie sy hun kopposysje probearje wier te meitsjen yn ‘e topper tsjin Flevo Boys. De wedstriid begjint sneon yn Easterein om 13.30(!!) oere.