Wepperkes

Doelpunten
9 november 2003
SDS 2 wint wer
9 november 2003

Iensum

 

Jappie Wijnia hâldt wierskynlik fan iensumheid. Earder stie der wolris yn de krante: “de iensume spits fan SDS”.

Op dit momint is Jappie dwaande mei in nije karriere. Hy is de doelman fan SDS 3. Yn de wedstriid fan SDS 3 tsjin Leewarder Zwaluwen (3-0 foar SDS) stie Jappie iensum yn it doel. Sa no en dan ris in bal oppakke, mar dat wie dan ek alles. Gelokkich waard syn iensumheid ferdrongen trochdat hast elkenien dy’t efter it doel lans rûn wol efkes begong te praten tsjin Jappie.

Dat is it ferskil tusken in iensume spits en in iensume doelman.

 

 

Skore

Sa sneontemiddeis komt Aant der yn de kantine by lâns om te freegjen wa’t skoord hat.

Meastal is dat wol dúdlik en meastal wit men it ek noch wol te herinnerjen, hoewol dat soms wol efkes duorret (Marko H.)

Op sneon 8 novimber moast der om stimd wurde. Wa skoorde it winnende doelpunt fan SDS 2. Neffens de earste ynformant wie it Henk Postma, mar it rare wie dat Harm Auke syn sjurtsje útdie en normaal docht allinne in doelpuntenmakker dat.

Efkes heare by Harm Auke: “ïk haw skoord”.

Mar efkes by Henk Postma freegje: “Ik haw skoord”

De ploechgenoaten oan de tafel: “5 stimden foar Henk Postma, 2 (inklusyf Harm Auke sels) stimden foar Harm Auke.

Dan mar in neutrale taskôger freegje, te witten Robert Hoekstra: “Ik hâldt my wyslik stil”

Op sokke mominten moatte je sels in beslissing nimme, dêrom rekkenje wy it doelpunt ta oan Henk Postma, tenzij Harm Auke mei fideobylden oantoane kin dat hy it west hat.

Kaaibonke
Troch in ungemakje op de training hat Gerrit Tessemaker syn kaeibonke brutsen.

Wy wolle Gerrit fan herte betterskip ta winskje, dats’t mar gau wer mei balje meist
 
teamE4

Moandeitejûn
Balk B1 – SDS B1 wurdt moandeitejûn spile. Dit omdat Balk ôfrûne sneon net genôch spilers hie.