SDS 2 wint earste oefenwedstriid.

SDS-horloasje
15 augustus 2005
Dirk-Yde wint Keninginnerit!
15 augustus 2005

SDS 2 is syn oefencampagne knap begûn. Fan Nijland 2 waard sneon mei 4-2 wûn. En dat ek noch wol yn Nijlân.

By SDS 2 misten der ferskeidene spilers troch it fytsen op de Cauberg. SDS 2 wie dan ek in mix fan spilers út de A-seleksje(Henk en Mark, Tseard, Remco en Skelte), jonges út de B-seleksje dy ’t krekt út de A’s komme(Timen, Jelte, Sjoerd, Bote, Arjen en Hjalmar) en wat âldere jonges (Syb en Willem). By Nijlân wie it net oars. Hjirtroch wienen beide ploegen aardich oan elkoar weage.

By SDS 2 spile mei nammen Arjen Posthumus in knappe wedstriid. As (hast) de lytste man fan it fjild wist hy sels de 1-0 binnen te koppen út in korner fan Willem. Troch
wat gerommel yn de efterhoede wie it al wer gau 1-1. Noch foar it skoft waard it 2-2. Willem koe foar in leech goal skore út in rebound nei in skot fan Skelte. SDS koe net lang fan de foarsprong genietsje, want noch gjin 5 minuten letter wie it wer lyk.

Yn de 2e helte makke SDS 2 al gau 3-2. It wie Skelte dy ’t in foarset knap ynskeat. Nijlân krige kansen mar Remco koe syn goal de twadde helte skjin hâlde. It wie Henk Postma dy ’t flak foar it einsinjaal fan de skeids de 4-2 noch op it (skitterende) skoareboerd fan Nijlân sette. Hy knalde de bal mei sa ’n gang binnenkant peal efter de keeper dat it yn Easterein hast te hearen wie.

Tiisdeitejûn oefent SDS 2(lykas SDS 1) yn Ljouwert tsjin VV Leeuwarden. De seleksje sil der dan fêst wer hiel oars útsjen.


Ynze Jorritsma makke syn debút as flagger fan SDS 2. Hy die dit knap.


De Hiemstra’s mei Marcel Frankena en Anne B.


Hjalmar Ruiter(nr. 14) makke syn debút yn it 2e op in foar him ûngebrûklik plak(linksachter).


By corners wienen de lange Nijlânners gefaarlik foar de goal fan SDS.


Teade de Boer(nr.16 fan Nijlân) en Willem hawwe it fêst allinne mar hân oer hoe ’t it waar folgende wike op Lowlands wêze sil(klik
hjir).




P.s. De foto’s komme fan Enne, wêrfoar tige tank.