SDS 2 seal ferliest yn spannende striid

SDS 1 lit punten lizze yn Staphorst
28 januari 2003
Kompetysjeyndieling foarjier 20022003
1 februari 2003

It twadde team fan SDS seal spiel woansdei 29 jannewaris in wedstriid tsjin Nij Engwier út Makkum.

In spannende wedstriid dy’t úteinlik ferlern gie yn 3-5. Makkum kaam foar mei 0-2, maar troch twa doelpunten fan Klaas van der Weg en ien fan ynfaller Ids Boersma wie de rêststan noch foardielich foar SDS.

Nei it wetter yn it skoft makke Makkum de kansen wol ôf, wylst SDS-ers te folle de eigen aksje sochten yn stee fan oerspyljen.

Nij Engwier kaam troch noch 3 doelpunten te skoren op in 3-5 stân. De middenmoat liket it heechst mooglike foar de ploech fan SDS