Cambuur A1 te sterk foar SDS A1

SDS 2 om 14.30 oere!
1 april 2003
Topskoorders o.e.m 5 april 2003
5 april 2003

De bekerwedstriid tusken SDS A1 en Cambuur A1 is tiisdei 1 april einige yn in 0-6 oerwinning foar Cambuur.

It ferskil tusken beide ploegen wy dochs wol grut. Cambuur koe de bal folle makliker rûn gean litte en op it wiete fjild wie in bettere technyk ek fan grutte betsjutting. SDS moast ferdigenje en koe sa no en besykje der út te kommen. SDS hold goed stân en bleau noch lang op 0-0 stean. Dat duorre oan 25 minuten ta. Doe skoorde Cambuur binnen 5 minuten 2 kear.

Nei de thee waard it gelyk 0-3 en úteinlik koe Cambuur útrinne nei 0-6. Krekt foar de ein koe Skelte Anema de latte noch reitsje by in goeie útfal.

Undanks de fûleindige rein yn de earste helte wiene der in protte publyk.