SDS 2 net "top", mar wol troch yn de beker

Uitslagen 18-10-03
18 oktober 2003
SDS D1 wint yn it hege noarden
19 oktober 2003

SDS 2 hat juster mei 4-2 wûn fan TOP ’63 yn Toppenhúzen. Net gek nei in 2-0 efterstân. De earste helte kaam SDS der dan ek net oan te pas.

De earste helte wie SDS 2 net hielendal op de trie. It fuotbal wie min en TOP kaam dan ek terjochte mei 2-0 foar. It wie Dennis Dykstra dy der foar de rêst dochs noch 2-1 fan meitsje koe. Mear siet der yn de earste helte ek net yn.

De twadde helte wie it nivo fan SDS 2 noch net al te bêst, mar dochs krigen sy genôch kansen. It wie Pieter Kamstra dy mei in kopbal de lykmakker makke. SDS joech efteryn ek noch wolris wat tefolle romte fuort en TOP krige dan ek noch ferskeidene kansen om wer foar te kommen. SDS fergeat sels ek te skoren. Harm Auke Dykstra, Arnold Hoekstra en Skelte Anema koenen de bal der net yn krije allinne foar de keeper. Dochs waard it in kertier foar tiid dochs noch 3-2 foar SDS. Skelte Anema makke de goal nei in goeie oanfal. De bal kaam op de line te lizzen en hy hoechde de bal der allinne noch mar yn te rinnen. Sa’n 5 minuten foar tiid wie it wer Skelte dy fanôf 20 meter de bal best yn de hoeke skeat.

Der wie ien gele kaart foar SDS. Fansels wie dizze foar Jos Zonderland. Die ’t no mear troch it libben giet as Jos “kin net Zonderkaart”.

Durk Okkema hoechden wy net te felisitearen mei in goeie wedstriid. Wy koenen him dochs efkes by de hân hawwe, want hy wie tongersdei krekt jierdei west.

Man fan ‘e wedstriid by TOP ’63 wie fansels âld SDS’er Robbert Gorter. Hy stie by SDS net echt bekind om syn lengte (of wol????), mar hjoed wie der yn ‘e loft seker de baas oer Harm Auke Dykstra.