SDS 2 ferliest yn Koudum

SDS 1 wint fan Makkum
14 september 2003
In flagge op de jierdei
14 september 2003

SDS 2 koe gjin punten meikrije út Koudum. De wedstriid tsjin Oeverzwaluwen gie mei 2-1 ferlen. Lykas de ôfrûne jierren hie SDS it wer dreech yn ‘e Sândobbe.

SDS begie slap oan ‘e wedstriid. Dit wylst ferwachte waard dat júst Oeverzwaluwen slap begjinne soe. Sy hienen feesten yn it doarp, mar liken moarns in sterk bakje kofje hân te hawwen want fan in kater wie neat te merken. By SDS wie it al slap en fuotballe it it earste kertier meinammen sûnder oertsjûging. De Koudumers wisten hjir wol rie mei en krigen inkelde lytse kânsen. SDS kaam stadich oan werom yn ‘e wedstriid en hie de pech dat in doelpunt fan Willem Wijnia ôfkard waard. Efkes letter waard it 1-0 oan ‘e oare kant. In misferstân tusken Auke Hiemstra en Marco Brouwer soarge derfoar dat in spiler fan Oeverzwaluwen allinne op ‘e keeper ôf koe en hy makke it goed ôf.

De twadde helte begie SDS sterk en liet sjen net sûnder punten nei hûs te wollen. Útspile kânsen smiet dit allinne net op. It waard sels 2-0 doe’t in ferkearde weromspylbal der foar soarge dat Samme Overal oan ‘e noadrem lûke moast. Neffens SDS bûten it strafskopgebied, mar neffens de skieds der binnen. Marten Faber wie kânsleas by de penalty. De lêste 20 minuten probeare SDS dan dochs noch oan te setten. Harm Auke Dijkstra kaam deryn foar Marco Brouwer en makke al gau de 2-1 nei in fraai lobke. SDS krige de kâns om noch in puntsje mei te nimmen doe’t Syb Overal binnen de sechtsjin delein waard en de skieds wer nei de stip wees. Auke Hiemstra joech jammer genôch de bal yn ‘e hannen fan ‘e keeper. Hjirnei wie de wedstriid gau dien en it bleaun dan ek 2-1. De keeper fan Oeverzwaluwen sil fêst noch in noflike merke hân hawwe.

SDS 2 spilet kommende sneon thús tsjin Nijland 2 om 14.45 oere.