SDS 2 ferliest derby

Nije SDS sweaters foar lieding SDS 1
20 september 2003
Kristiaan Gaastra út wedstriid skopt
21 september 2003

SDS 2 gie sneon mei 0-1 ûnderút tsjin Nijlân. Troch beide ploegen waard net echt goed fuotballe, mar striid wie der genôch.

Yn ‘e earste helte wie it SDS dy ’t de bettere ploeg wie. In soad kânsen krigen sy allinne net. It wie Robert Sybesma dy ’t SDS op 1-0 sette koe. Nei sa’n 5 moanne oan ‘e kant sitten te hawwen mei in blessure koe der no wer meidwaan. Robert hie noch net genôch ritme opdien om yn syn earste wedstriid alwer te skoren. Allinne foar de keeper sjitte der de bal lyk yn ‘e hânnen. Nijlân spile hurd en dit waard net altiten troch de skiedsrjochter sjoen. Mei hjirtroch wie it moeilik om troch de sterke ferdediging fan Nijlân te kommen.

Yn ‘e twadde helte wie it spul fan beide kanten rommelich. “Hotse-knotse-begonia-fuotbal” koenen je it wol nimme. Dochs krige Nijlân inkelde grutte kânsen. It wie Marten Faber dy ’t goed rêdde doe’t der ien allinne op him ôfkaam. Nei sa’n 20 minuten yn ‘e twadde helte wie ’t dochs Nijlân wat skoorde. Nei in goeie oanfal kopte de spits fan Nijlân de bal hurd tsjin de touwen. SDS probeare noch fan alles om net te ferliezen, mar Nijlân joech neat mear wei.

Folgende wike mei SDS 2 út nei Olde Veste.