Kristiaan Gaastra út wedstriid skopt

SDS 2 ferliest derby
21 september 2003
Programma dizze wike
23 september 2003

Sneon 20 septimber 2003

 

Oeverzwaluwen D1 – SDS D1 2-3

Ja, SDS D1 hat hjoed de wedstriid yn Koudum fan Oeverzwaluwen D1 wûn mei 2-3. Fansels binne wy bliid mei dizze oerwinning. It wie fieders ek in moaie en spannende wedstriid. De jonges spilen hiel goed en fersoarge fuotbal. De goals fan Easterein waarden setten troch Christiaan Plantinga, Wytse Lanting en Eddy Visser. Mar úteinlik ha wy folle mear ferlern.

 

Foarôf hienen wy (Johan en Klaas) de spilers warskôge foar it glêde fjild en de faaks in mear as kop gruttere spilers fan Oeverzwaluwen. Warskôge dat se alles fuotbaljend oanpakke moasten en by fysike aksjes tinke om it glêde fjild en de gruttere tsjinstanner. Dit gie hartstikke goed, want fuotbaljend wienen wy harren goed de baas. It like dan ek in moaie wedstriid te wurden.

 

Tot oant in kertier nei it begjin. Doe krige Kristiaan Gaastra de bal op it middenfjild en soe in aksje nei foaren meitsje. Op dat stuit komt in spiler fan Oeverzwaluwen op in domme en ûnbehouwen wize yn op de fuotten fan Kristiaan dat hy waard fol rekke op de ankel. Hy skreaude it út en foel op de grûn.

De begelieding waard poerrazend om dizze aksje en spruts de skiedsrjochter, die fierder wol goed fluite, der op oan.

Ik warskôge dat dizze aksjes net thúshearre op in fuotbalfjild, sekers net op san gled fjild en al hielendal net by jongerein sa as de D-pupillen. Nochris san oanslach en we soenen fan it fjild stappe. Fansels wie dit al ien tafolle mar it wie al bard. Raar genôch waard der gjin aksje ûndernommen tsjin de spiler fan Oeverzwaluwen. Fiif minuten besinning wie wol it minste west.

 

Pas thús yn Easterein die bliken dat Kristiaan earst nei de dokter west hat en doe nei it sikehûs. It resultaat fan de ûnferantwurdlike oanslach op de fuotten fan Kristiaan wie: in hiel soad pine, opname yn it sikehûs fan Snits en in operaasje wêrby de ankel wer setten is en yn it gips. It hat ús as begelieders en spilers fan SDS D1 goed rekke. Spitich dat san gedreven goede fuotballer yn san prachtich team troch ien san domme aksje sa slim rekke wurd. Wy winskje Kristiaan in soad sterkte en betterskip.

Klaas Pompstra