SDS 1 wint!!!

Fryske sfear wepperkes
15 oktober 2005
Fryskedei-sfear-wepperkes
15 oktober 2005

SDS1 – BCV 1
In prachtige oerwinning fan SDS 1. Nei 5 minuten 1-0 troch Floris Hiemstra. Troch in blessure fan Tsjeard Halbersma foel it taktysk konsept fan Marcel Frankena útien.  Dochs wist SDS it op 1-0 te hâlden. Nei de thee kaam SDS ûnder grutte druk. It waard ek 1-1. Mar Mark Postma skeat tsjin de peal enDirk Yde Sjaarda skoorde de 2-1.
Grutte freugde yn it SDS kamp.

SDS 2 – Heerenveense Boys 2
Dat it in grutte nederlaach wurde soe dat like der net op.  SDS krige ek wol kânsen mar troch flaters efteryn  waard it 1-5. Doelpuntenmakker fan SDS wie Robert Hoekstra.

Oeverzwaluwen 2 – SDS 3
Troch in doelpunt fan Wichard Deinum waard it 1-1.

Makkum 3 – SDS 4
4 doelpunten skoare wie net genôch. Want it ferlies fan 7-4 stie nei 90 minuten op it boerd.
Doelpunten wiene der fan Ype Tiemersma (2), Durk Okkema en Jelle de Boer.

Leeuwarder Zwaluwen 11 – SDS 5
Bas van der Wey, Tiemen Vermeulen en Johannes Dotinga skoorden, mar it wie net genôch.  It waard 6-3 foar de ûnderdanen fan Dales.

Makkum A 1 – SDS A1
De kwaliteiten fan SDS kamen yn it fiskersdoarp echt boppe wetter. 0-5 winne mei doelpunten fan Feiko (2), Ralph, Johannes en Paul.

Sc Joure A3 – SDS A2
SDS A2 skoarde 3 kear mar dat wie net genôch. 5-3 wie de einstân. Doelpunten wiene der fan Pytrik Hiemstra, Niels Koster en Eeltsje Postma.