SDS 1 seal wint fan WZS

Floris en Frank
17 september 2003
Wommels ferliest??
18 september 2003

It 1e sealteam fan SDS hat juster yn Snits mei 6-5 fan WZS wûn. Hjir kamen sy hiel goed mei wei oansjoen sy eins de hiele wedstriid efter stienen.

SDS begie slâp oan ‘e wedstriid. WZS hie in pear behendige mântsjes yn ‘e ploeg en hjir wist SDS gjin rie mei. Sels spilen de SDS’ers elkoar min yn en koenen hast net op ‘e oare helte oan it fuotbaljen ta komme. WZS kaam al gau mei 1-0 foar. SDS krige wol inkelde kânskes, mar by de snitsers stie in goeie keeper op ‘e goal. It wie Peter Sybesma dy nei in goeie aksje dochs de 1-1 makke. WZS waard hjir net benaud fan en rûn hjirnei gau út nei in rêststân fan 3-1.

Om noch te winnen moast SDS der de twadde helte feller op. Dit gie wol aardich mar kânsen smite it net op. By WZS siet it efteryn ek goed ynmekoar. SDS like hielendal ferlen doe’t sy sels mei 4-1 efter kamen. Willem Wijnia brocht SDS werom yn ‘e wedstriid mei 2 herkenbare doelpunten (kont deryn, 3 kear draaie en sjitte). SDS gie op syk nei de lykmakker en krige ek inkelde kânskes. WZS makke der nei in goeie oanfal allinne 5-3 fan en net ien dy ’t mear yn ‘e kânsen fan SDS leauwde. Sels de meikommen SDS-supporters(Robert Sybesma, Harm Auke Dijkstra en de familie Okkema) net. Peter Sybesma krige it allinne no wer op ‘e heupen en makke der 5-4 en sels inkelde minuten foar tiid 5-5 fan. It like dan ek in lykspul te wurden al gie it spul noch altiten snel op en del. WZS krige de kâns om te winnen, mar it wie Jan Simon Jelsma dy’t wer goed kearde. Hy goaide de bal op Willem dy’t de bal net kontrolearje koe. De keeper fan WZS koe dit wol en gie mei de bal oan ‘e foat op wei nei de helte fan SDS. Hy spilet de bal yn ‘e fuotten fan Feite de Haan en dy sjit fanôf de middenline de bal yn ‘e goal. 6-5 foar SDS en de wedstriid wie ek lyk dien.

De 3e oerwinning fan SDS alwer. De tsjinstânners wurde mei de wike dreger, mar lokkich genôch gean noch hieltiten de trije punten mei nei Easterein.

Folgende wike spilet SDS 1 om 21.00 oere yn ‘e Greidhoeke yn Easterein tsjin Genemuiden.

Spilers fan SDS1 tsjinWZS:
Jan Simon Jelsma
Feite de Haan (1 doelpunt)
Harm Stremler
Anne Stenekes
Peter Sybesma (3 doelpunten)
Tsjipke Klaas Okkema
Willem Wijnia (2 doelpunten)

SDS 2 seal spile thús tsjin Workum. Dizze útslach is ús noch net bekind.