SDS 1 seal spilet lyk tsjin RES

Keepers yn beweging
22 april 2003
SDS A1 wint fan CSL A1
25 april 2003

SDS 1 seal hat juster de hinnewedstriid yn ‘e neikompetysje mei 3-3 lykspile tsjin RES yn Boalsert. SDS hie it dreech yn Boalsert. Jeroen Brouwer wie op it lêste momint noch ôfheakke mei in blessuere, wêrtroch SDS mar ien wiksel hie. Dochs kaam SDS nei in minút as 5 op foarsprong nei in goal fan Anne Stenekes. Hy makke in stekpasske fan Willem Wijnia goed ôf. Hjirnei wie it mear RES wat de klok sloech. SDS koe de bal net maklik mear nei foaren krije en moast hieltiten fierder efterút. By rêst wie it dan ek 3-1 foar RES. RES tocht in grutte oerwinning te heljen, mar hjir tochten de Eastereiners hiel oars oer. Troch yn elts gefal rêstich te bliuwen soe it wol goed komme. RES bleaun it spul meitsjen, mar SDS kaam der by tiden gefaarlik út. Doe Willem Wijnia ris net weromfluite waard troch de (froulike) skiedsrjochter koe hy mei in stiftbaltsje oer de keeper de 3-2 meitsje. It wie Jos Zonderland dy ‘t sa’n 5 minuten foar tiid de lykmakker makke. Nei goed jaaien naam hy de bal yn ien kear op ‘e slof. De bal gie lyk yn ‘e krúsing. Hie de skiedsrjochter dernei Willem net wer ôffluite dan hy SDS ek noch wûn.

 

Wa dienen mei:
Feite de Haan

Jos Zonderland

Anne Stenekes

Harm Stremler

Jan Simon Jelsma

Willem Wijnia