SDS 1 seal koprinner

SDS wint oefenwedstriid tsjin Nijlân
5 maart 2003
Karnafal yn Wurdum: SDS 5 wint
9 maart 2003

It 1e sealteam hat woansdeitejûn de thúswedstriid tsjin Flevo Boys út Emmeloord mei 5-3 wûn. SDS gie goed fan start. Sy stienen al gau mei 1-0 foar troch in goal fan Feite de Haan en joechen gjin kâns fuort. SDS gie goed troch en rûn al gau út nei 4-0. It like in monsterscore te wurden wie it net dat SDS doe dochs wat ferslappe. Flevo Boys begie better te fuotbâljen en by rêst stie it sels 4-3. Like it by 4-0 noch in wedstriid te wurden om oan it doelsaldo te wurkjen, no wie it saak om dizze wedstriid hoe dan ek te winnen. It wie te sjen dat in soad spilers fan SDS de wedstriid fan tiisdeitejûn (op it fjild tsjin Nijlân) noch yn ‘e fuotten hienen. De twadde helte wie foar it publyk dan ek net safolle oan. SDS makke troch Robert Sybesma al gau 5-3 en smite efteryn de doar yn ’t slot. It ienige spektakel wie noch dat in spiler fan Flevo Boys dy at op ‘e bank siet in reade kaart krige.

Foar SDS wienen dit djoere punten oansjoen RES tiisdeitejûn wûn hat fan koprinner Lemsterlân. SDS is no koprinner mar hat in wedstriid mear spile as RES en 2 mear as Lemsterlân. Op de side fan de KNVB kinne jimme sjen hoe at alles der no foar leit: stân SDS 1 seal. SDS spilet folgende wike hun lêste wedstriid fan it seizoen alwer(at der gjin neikompetysje komt). Sy spylje folgende wike woansdei út tsjin ONS om 19.30 oere yn ‘e WZS-hal yn Snits.

Doelpunten SDS:
Jan Simon Jelsma 2 (Marco Reynhoudt stie op ‘e goal)
Feite de Haan 1
Anne Stenekes 1
Robert Sybesma 1
Harm Stremler en Willem Wijnia kamen net oan it skoren ta.

SDS 2 spile nei it 1e thús tsjin WZS. Sy stienen al gau mei 1-0 foar. In domper wie dat Harm-Auke Dijkstra al gau útfoel mei in ankelblessuer. Hoe de wedstriid ôfrûn is is ús noch net bekind.