Karnafal yn Wurdum: SDS 5 wint

SDS 1 seal koprinner
5 maart 2003
SDS 1 kin him klearmeitsje foar de neikompetysje
13 maart 2003

WWS 3 – SDS 5      1-2

 

Wy waarden dizze middei gastfrij ûntfongen troch immen fan de klup mei de wurden: “Nei ôfrin is der karnafal yn de kantine”.

De feestbeesten ûnder ús koene goed stimuleard wurde troch dit foarútsjoch. “Earst winne, dêrnei feeste”sei de lieder.

Stride tsjin WWS wie foaral ek stride tsjin de wyn. Dwers as altiten en dizze kear dwers oer it fjild.

Der wiene in protte kansen mar de foarhoede fan SDS stie net op skerp. Hjir hie Jacob Plantinga wat argewaasje oan, sadat hy in lange bal joech op de skriuwer fan dit stikje. Dizze moast doe fanôf de middenline it lange ein nei it doel besykje te kommen en tagelyk in ferdigener foar bliuwe. Dat slagge oant de râne fan it strafskopgebiet ta. Doe wie it tiid foar in lob oer de keeper hinne. Spitich dat Stoffel der net by wie, want sa’n aksje mei de lofter foet kin hy tige fan genietsje. Ek foar Meinte Wesselius spitich, want syn 11 tal mei allegear spilers mei in goeie lofterfoet yn de league stiet er net goed foar en kin dus wol in goeie namme brûke.

It waard sels ek noch 0-2. Eddy de Boer gunde de eare oan Ype Tiemersma en joech prima ôf.

Nei de thee waard it noch 1-2, mar wy koene in lange noas lûke nei de Wurdummers  want de oerwinning wie binnen. Dy lange noas hiene wy dan moai brûke kind foar it karnafal, want wy hiene fansels net rekkene op in ferklaaiparty.  Us karnafal dêr duorre net lang, want sokke frjemde karnafalsmuzyk hiene wy noch nea heard. Kedoe, kedoe, kedoe en dan noch 88 kear.

Lokkich dat Ype syn kassettebân mei Wilma, Heintje, Andre en oaren by him hie. Spitich dat Eddy it goeie bantsje pas fûn hie doe’t wy al by Itens wiene.

 

Aant